Fryske Krite Bolsward
Sneon 30 maart 2013 middeis om 14.00 oere foar de âlderein
Sneon 30 maart 2013 jûns om 20.00 oere
is der wer in ûtfiering fan de Fryske Krite Boalsert in Ons Gebouw te Boalsert.
We spilje dizze kear it stik:
“Brutsen Iis”
in komeedzje fan Haye van der Heyden, mei oersetting troch P.M. Renia
Jûns 30 maart is der nei ôfrin dûnsjen o.l.f. Jeen Waterlander.
Brutsen Iis spilet op it dek fan de “Maria Stuart”, in lúks cruiseskip mei benammen âldere passazjiers, dy't alinne’reizgje.
Elk hat sa syn of har eigen reden om oan board te wêzen fan dit noflike driuwende âldereinhûs. Fan de dekstoallen út heart men geregeldwei gol
Laitsjen en as it iis ienris brutsen is kipet sels de romantyk om ‘e hoeke.
Der wurdt dronken en dûnse, mar efter de maskerade fan it
“dolce far niente”skulet ek de pine fan net altyd noflik ferrinnen fan it âlder wurden.
Brutsen Iis is in komeedzje mei in protte humor, mar ek mei foarfallen, dyt jin oangripe.
Mear wolle wy net ferklappe. Wolle jo witte hoe dit ôfrint?